Breeuwsma wer it iis op

27 des 2013 - 19:42

Shorttracker Daan Breeuwsma fan Aldeboarn begjint wer mei syn trainingen. Koartlyn waard by de shorttracker it CMV-firus konstatearre, fergelykber mei de sykte fan Pfeiffer. Dêrtroch mocht er in skoftke neat dwaan. De bloedwearden binne yntusken wer yn oarder.

Breeuwsma pakt de trainingen sa gau as mooglik op en hopet op tiid fit te wêzen foar it NK shorttrack op 4 en 5 jannewaris yn Amsterdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)