Minder foarferkeap fjoerwurk

27 des 2013 - 17:32
  • Fjoerwurk ferkeap ynternet

De foarferkeap fan fjoerwurk by de lytsere winkeliers yn Fryslân komt mar stadich op gong. Dat docht bliken út in rûngong fan Omrop Fryslân. Neffens de hannel hat dat ek te krijen mei de gruttere hannel yn yllegaal fjoerwurk. Minsken kinne hiel maklik oan swier yllegaal fjoerwurk komme.

Neffens de belangeferiening foar fjoerwurk rint de foarferkeap lanlik krekt wat better as foarich jier. Yn Fryslân jildt dat foar de tún- en boumerken. Hjir rint de foarferkeap wol goed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)