Thialf by OKT lang net fol

27 des 2013 - 17:07
  • Thialf, It Hearrenfean

Sa'n 3500 minsken sitte freed op de twadde dei fan it Olympysk kwalifikaasjetoernoai yn Thialf op de tribune. Dat binne 500 mear as op tongersdei. Foarsitter fan it organisaasjekomitee Herman ter Meulen ferwachtet noch in bytsje groei yn it wykein. De prognoaze is dat it tal besikers sneon en snein útkomme sil op 3700 besikers elke dei.

De prizen fan de tagongskaartsjes foar it OKT binne dit jier reedlik heech. Foar in deikaartsje moat 17,50 euro betelle wurde. Neffens Ter Meulen beslute minsken dêrom pas op it lêste stuit oft se gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)