Pakketten foar minima Jobbegea

In groepke froulju sammelet guod yn en makket dêr nijjierspakketten fan foar de minima yn Jobbegea en omkriten. Iten, drinken, boartersguod, jild, alles is wolkom. Anja de Roos kaam op it idee nei oanlieding fan Serious Request, se woe graach tichtby hûs wat dwaan. Mei in groepke froulju hat se de aksje opsetten.
De froulju hawwe genôch guod krigen om 170 pakketten te meitsjen en dus likefolle famyljes bliid te meitsjen. Oant sneintejûn kin der noch guod brocht wurde. De aksje is te finen op de facebookpagina fan Rijschool Anja de Roos.