Offisjeel ein Boarnsterhim

Logo gemeente Boarnsterhim © Bewurking Omrop Fryslân
Boargemaster Ton Baas fan Boarnsterhim sil mei boargemasters Ferd Crone fan Ljouwert, Hayo Apotheker fan Súdwest-Fryslân, Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean en waarnimmend boargemaster Arie Aalbers fan De Fryske Marren op tiisdei 31 desimber de lêste dei fan de gemeente Boarnsterhim seremonieel ôfslute. Dat sil plakfine yn Eagum.
Mei yngong fan 1 jannewaris wurdt de gemeente Boarnsterhim opheft troch de gemeentlike weryndieling en wurdt ferdield oer fjouwer buorgemeenten.