Besetting eilannen wikseljend

27 des 2013 - 13:59
  • Skylge

De besetting fan fakânsjehûskes, apparteminten en hotels op de Fryske Waadeilannen is dizze krystfakânsje oant no ta wikseljend. It reinige waar spilet it rol. De besetting fan hotels is relatyf goed, wylst dy op fakânsjeparken, campings en apparteminten wikseljend is.

Op Skylge wie it net drok, mar de kommende wike lit in oar byld sjen. In soad famyljes en freonegroepen komme nei it eilân om der âld en nij te fieren. De VVV op It Amelân fernimt by boekings dat in protte gasten foar it earst in besite oan it Waadeilân bringe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)