Bus fan KH2018 is poater

© Omrop Fryslân
De organisaasje fan de kulturele haadstêd 2018 mist syn promoasjebus. De blauwe bus waard foar de krystdagen noch ynsetten by Serious Request, doe brûkte in groep fytsers him by it ynsammeljen fan jild. Dêrnei is de bus net mear sjoen,
De organisaasje giet út fan in nijjiersstunt, dêrom wurdt de fermissing net oanjûn by de plysje. As de bus nijjiersdei net ergens opdûkt, dan wurdt dat wol dien.