Man oppakt nei slaanderij
De plysje hat tongersdeitenacht yn de Alde Doelestege yn Ljouwert in 24-jierrige ynwenner fan dat plak oanhâlden. De man hie earder dy nacht rúzje makke yn in restaurant en dêrby in oantal minsken slein. Twa dêrfan diene oanjefte by de plysje.
De plysje hat de fertochte dêrop oanhâlden en oerbrocht nei it buro foar neier ûndersyk.