Heech wetter yn Fryslân

© Omrop Fryslân, Ilse Hermanides
It wetterskip hopet direkt nei it wykein wer it normale wetterpeil yn Fryslân berikt te hawwen. Op dit stuit stiet it wetter sa'n fiif sentimeter heger as gewoanwei, earder dizze wike wie dat noch wat mear. Om it gewoane peil te berikken, is it Hooglandgemaal oanset.
It wetterskip hopet de kommende dagen ek wetter kwyt te kinnen fia de spuislûzen. Neffens it wetterskip soarget de hegere wetterstân net foar problemen.