Dronken man út wetter rêden

Plysje-embleem © ANP
Plysjes ha tongersdeitenacht yn Frjentsjer it libben rêden fan in 59-jierrige man út de gemeente Súdwest-Fryslân. De man wie dronken yn it wetter rekke. Plysjes dy't om de eigener fan in parkearde fyts sochten fûnen de man.
Yn earste ynstânsje waard besocht om him mei in stik tou út it wetter te lûken, mar omdat er te ferswakke wie om it fêst te hâlden slagge dat net. Dêrop gie ien fan de plysjes it wetter yn. Neidat de man mei muoite út it wetter helle wie, waard er oerbrocht nei it sikehûs. Dêr die bliken dat er ûnderkuolle wie.