Storm betellet skeafergoeding

27 des 2013 - 06:39
  • Dennis Storm

BNN-presintator Dennis Storm hat in skeafergoeding fan 100 euro betelle oan de ynwenner fan Deinum, dy't er dit wykein mishannele. Dat meldt it iepenbier ministearje. Ek hat er 250 euro oermakke oan Serious Request. Storm joech de 20-jierrige jonge klappen doe't dy in foto fan him naam. Dat wie yn in kafee yn Ljouwert. Neffens it televyzjeprogramma RTL Boulevard hat de Deinumer it jild ek trochstjoerd nei Serious Request.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)