Drachtster ferwûne op A6

27 des 2013 - 05:59

In ynwenner fan Drachten is twadde krystdei slim ferwûne rekke by in oanriding op de A6 by Swifterbant. Neffens omstanners kaam de auto fan de 50-jierrige man fol mei reek te stean en ried er dêrtroch slingerjend oer de dyk. Hy kaam dêrby yn botsing mei in 70-jierrige automobiliste út Baarn. De man is mei ûnbekend letsel oerbrocht nei it sikehûs. De frou út Baarn waard dêr ek hinne brocht, mar koe it sikehûs nei ûndersyk wer ferlitte. Se rûn kniesde ribben op. De dyk wie troch it ûngelok in skoftke stremd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)