OKT: Kramer wint, Bergsma twad

26 des 2013 - 17:02

Sven Kramer hat op twadde krystdei de favoriterol wier makke op it Olympysk kwalifikaasjetoernoai. Kramer wûn de 5 kilometer yn in tiid fan 6.10.97. Jorrit Bergsma waard twadde yn 6.12.66. Kramer en Bergsma binne dêrmei beide wis fan meidwaan oan de Olympyske Spelen fan febrewaris yn it Russyske Sotsji.

Jan Blokhuijsen waard tredde yn 6.14.67, Bob de Jong fjirde yn 6.14.98, Koen Verweij fiifde en Douwe de Vries sechde. De útslach betsjut dat Jan Blokhuijsen him nei alle gedachten ek kwalifisearre hat foar de Olympyske Spelen.

Foar Bob de Jong jildt dat hy besykje moat om kwalifikaasje ôf te twingen op de 10 kilometer. Sotsji wurde de earste Olympyske Spelen sûnt 1998 dêr't De Jong net meidwaan mei oan de 5 kilometer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)