Cambuur-Dordrecht ôflast

03 feb 2012 - 16:22

De wedstriid fan takom sneon tusken SC Cambuur en FC Dordrecht is ôflast. Freedtemiddei om fjouwer oere is it fjild troch it KNVB ôfkeurd. Alle wedstriden yn 'e Jupiler League dy't foar freed op it programma stienen, wiene al ôflast.

De seleksje trainde freedtemoarn in heal oere yn it stadion, mar it fjild is ûnbespylber. Troch de froast is it bonkehurd en troch de snie ek noch ris sjippeglêd.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)