Finale stimdei Fryske Top 100

Op twadde krystdei kin noch oant 17.00 oere middeis stimd wurde foar de Fryske Top 100. Je kinne je persoanlike top 5 fan Fryske nûmers trochjaan op www.frysketop100.nl. Troch te stimmen meitsje je fuortendaliks ek kâns op de nijste Fryske Top 100 top-cd.
Twadde krystdei is tradisjoneel de finale stimdei en dy wurdt lykas alle jierren mei in feestlike útstjoering mei artysten yn in belpanel ôfsletten. Dy útstjoering is ek live op tv te besjen. It tillefoannûmer fan de Fryske Top 100 is 058-2123618.