SR 'gouden wike' foar hoareka

De Ljouwerter hoarekabedriuwen hawwe pas yn jannewaris omsetsifers fan de Serious Request-wike. Mar ek sûnder de krekte sifers wyt foarsitter Corné van de Erve fan de Fryske ôfdieling dat it gouden dagen west ha foar ûndernimmers. Hast in heal miljoen minsken kamen yn seis dagen tiid op it evenemint fan 3FM ôf en in soad minsken diene dêrby in Ljouwerter kafee of restaurant oan.
Van de Erve sjocht dan ek tefreden werom op de wike fan Serious Request. Fral it mienskipsgevoel ûnder de Ljouwerter hoarekaminsken wie top, sa seit de foarsitter.
Van de Erve pleitet der foar om yn oparbeidzjen nei de Kulturele Haadstêd fan 2018 mear en faker gear te wurkjen.