Gjin appelbeammen by Sint Nyk

Apels oan in beam © ANP
De stifting Fruit yn Fryslân sil foarearst gjin appelbeammen plantsje by it bûten Eysinga State yn Sint Nyk. De grûn dêr't de 175 heechsteam appelbeammen komme soene is troch al it reinwetter fan de lêste wiken fierstente wiet. It doel wie om ôfrûne tiisdei mei frijwilligers de beammen te plantsjen, mar dat waard útsteld oant freed.
Omdat der noch altyd fierstente folle wetter op it lân stiet, giet ek dizze beamplantdei net troch. It plande appelhôf by it bûten sil no op in letter momint realisearre wurde.