Op de fûst yn it stedssintrum

26 des 2013 - 11:15

In 37-jierrige man út Ljouwert is yn de nacht fan earste op twadde krystdei op de Prins Hendrikstrjitte yn syn wenplak oanholden. Hy wurdt der fan fertocht in 24-jierrige Ljouwerter mishannele te hawwen. De fertochte krige wurden mei it slachtoffer. Dy rekke troch in klap ferwûne oan syn holle.

De fertochte sit noch fêst en wurdt op twadde krystdei heard.

Trefwurden: 
mishanneling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)