Stoarmwaar foarsein foar freed
De kâns bestiet dat der freedtemoarn wer stoarmwaar komt op de Waadeilannen. Dat foarseit waarman John Havinga. Der stiet freed in hurde sudewyn en wannear't dy wynkrêft njoggen hellet soe dat de fjirde stoarm stoarm fan 2013 wêze.
Soks is sûnt 2002 net mear foarkaam. Yn dat jier kaam der seis kear stoarmwaar foar.