Ferwûnen by ûngelok Noardwâlde

26 des 2013 - 08:49

Yn Noardwâlde binne fannacht twa persoanen ferwûne rekke by in ferkearsûngelok yn de Hoofdstraat Oost. De 19-jierrige bestjoerder fan de auto moast hurd ôfremje foar in ferkearsdrompel wêrtroch de remmen blokkearden. De auto botste tsjin in beam oan en sloech oer de kop. Twa ynsittenden fan 18 en 25 jier rekken bekneld en binne troch helpferlieners út de auto helle. Mei ûnbekend letsel binne se nei it sikehûs brocht. De bestjoerder koe sels út de auto komme.

Trefwurden: 
ûngelok sikehûs Noardwâlde
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)