Ek rekôr oan ôffal by SR2013

25 des 2013 - 11:51
  • It plein stie moandei wer fol
  • En dit lieten de besikers sneintenacht achter....

De aksje Serious Request yn Ljouwert hat net allinne foar in soad jild soarge, mar ek in rekôr oan ôffal. De meiwurkers fan Omrin hawwe njonken drankflessen en bekers tsientallen paraplu's en reinjassen opromme. De himmelploegen fan de ôffalferwurker hawwe de hiele nacht trochwurke oant ûngefear alve oere woansdeitmoarn.

Op it Saailân, it Aldehoustertsjerkhôf en by de stedsskouboarch De Harmonie is it no wer skjin, útsein by de poadia. Dy wurde letter fan 'e wike ôfbrutsen.

Omrin-meiwurker Henk Koopal seit dat er yn syn 33-jierrige karriêre noch nea sa'n berch ôffal sjoen hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)