Dief Ketlik op 'e die betrape

25 des 2013 - 11:27

Yn in wenning yn Ketlik is tiisdeitejûn besocht yn te brekken. Om in oere as njoggen kaam ien fan de bewenners thús en seach de ynbrekker. Der ûntstie in koarte wrakseling, dêrnei koe de ynbrekker útnaaie en mei de auto fuortride. Der wurdt noch fierder ûndersyk dien. De plysje warskôget op 't heden gauris foar ynbraken betiid op de jûn en advisearret it hûs goed ôf te sluten, it ljocht oan te litten en weardefol guod út it sicht te lizzen.

Trefwurden: 
plysje ynbraak Ketlik
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)