Gjin lean yn Achtkarspelen

It gemeentehûs fan Achtkarspelen
De meiwurkers fan de gemeente Achtkarspelen moatte it mei de krystdagen sûnder salaris dwaan. Neffens riedsgriffier Roel fan der Heide hat Achtkarspelen - krekt as begelyks de gemeente Utrecht - lêst fan in steuring by de Bank Nederlânske Gemeenten. Dêrtroch koe it lean oer desimber net op tiid oermakke wurde. De riedsgriffier skriuwt op Twitter dat hy it skandalich fynt dat der foar de krystdagen gjin salaris betelle is.