Rekôrbedrach Serious Request

24 des 2013 - 21:40

De aksje Serious Request yn Ljouwert hat in rekôrbedrach fan 12.302.747 euro opsmiten. Dat is tiisdeitejûn bekendmakke op it Aldehoustertsjerkhôf dêr't in grut slotfeest plakfûn. Dat bedrach is 50.000 euro heger as ferline jier yn Enschede. De hele wike wie de opbringst al wat heger as in jier lyn. In oere foar de aksje ophold stie it bedrach krekt noch boppe de 10 miljoen.

Serious Request hellet dit jier jild op foar it tsjingean fan diarree yn Afrika. In heal miljoen minsken ha yn seis dagen tiid in besite brocht oan it Glêzen Hûs.

De trije DJ's Giel Beelen, Coen Swijnenberg en Paul Rabbering ha seis dagen lang sûnder iten radio en tillevyzje makke. It doel wie dus om safolle mooglik oandacht te freegjen foar 800.000 bern dy't jierliks deagean oan de gefolgen fan diarree. It Reade Krús docht de helpferliening om dit te bestriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)