Al 450.000 besikers foar SR

24 des 2013 - 17:59
  • In fol Saailân op moandei
  • Serious Request finale by deAldehou

It Glêzen Hûs hat yn de ôfrûne seis dagen mear as 450.000 minsken nei de stêd lutsen. Dat hat de gemeente Ljouwert bekendmakke. Tiisdeitejûn komt de aksje Serious Request ta in hichtepunt op it Aldehoustertsjerkhôf. Middeis stiene der al tûzenen minsken op it plein te sjen nei artysten lykas Tim Knol en Caro Emerald en Racoon. Om healwei tsienen wurde de trije disc-jockeys op it grutte poadium ferwachte en wurdt it einbedrach fan Serious Request bekendmakke. Oant no ta is der mear as seis miljoen euro foar it Reade Krús ynsammele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)