Provinsje:busstasjons opknappe

© Omrop Fryslân
De busstasjons fan Ljouwert, It Hearrenfean, Snits, Dokkum en Easterwâlde moatte yngreven opknapt wurde. Dat is it doel fan de provinsje, dy't woansdei de nije eigner fan 'e stasjons is. Foar goed 1 miljoen euro hat du de fertutearze stasjons oernaam fan ferfierder Arriva. Omdat dy gjin konsesje foar busferfier yn Fryslân mear hie, stie it ûnderhâld al skoftenlang op in leech pitsje.
Doel is dat de stasjons útnoegjender wurde. Sa wol de provinsje de wachtromtes opknappe en it oantrekliker meitsje om de bus te nimmen.