Roeiers helje 16.000 euro op

De sloeproei-estafette by de alve Fryske stêden del hat 16.000 euro opsmiten foar Serious Request. De roeiers begongen sneon mei de tocht en hiene bot te lijen fan de rein en de hurde wyn. De oankomst wie tiisdeitemiddei foar 14.30 oere pland, mar it waard in oere letter. Dat kaam troch de brêge, dêr't de folchboat net troch koe. De roeiers waarden mei dweilorkesten ynhelle by teater de Harmonie.
In groep hurdrinners hat mear as 12.500 euro by elkoar rûn. Se ha de ôfrûne dagen in tocht makke lâns alle Glêzen Huzen fan de ôfrûne jierren. De lêste kilometers nei it Saailân is folbracht troch sa'n 800 hurdrinners. En sportfiskers fan Sportfiskerij Fryslân ha mear as 5000 euro binnenhelle foar Serious Request. Se ha fjouwer dagen fiske yn de stedsgrêften fan Ljouwert en mei 29 fiskers 1750 fisken fong.