Ekstra Hjoed om 22.00 oere

24 des 2013 - 14:49
  • Serious Request logo

Omrop Fryslân komt tiisdei mei in ekstra útstjoering fan Hjoed oer de opbringst fan Serious Request. Om 21.00 oere meie de trije dj's út it Glêzen Hûs dat op it Saailân yn Ljouwert stiet. Se hawwe dan seis dagen lang aksje fierd foar de bestriding fan diarree by lytse bern yn lannen lykas Boerûndy yn Afrika. It Reade Krús wol dêr mei simpele foarsjennings lykas húskes en ûnderwiis oer hygiëne berikke dat der minder bern stjerre oan de gefolgen fan diarree. Dat binne no alle jierren sa'n 800.000. Ferline jier levere de aksje goed 12 miljoen op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)