Gjin trochstart Henk ten Hoor

24 des 2013 - 14:17

De tsien fallite kleanwinkels fan Henk ten Hoor yn Fryslân meitsje gjin trochstart. It is de kurrator net slagge in partij te finen dy't de winkels oernimme wol. De winkelketen gie yn novimber fallyt, dat wie foar de twadde kear yn 13 moanne tiid. De oarsaak lei yn de minne ferkeap.

Henk ten Hoor hat 63 winkels yn it noarden en midden fan it lân, dy binne sûnt moandei ticht. De 250 personielsleden krije mei yngong fan twadde krystdei dien. Der sil besocht wurde om hierders te finen foar de winkels dy't eigendom binne fan de keten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)