Bûsehifkers aktyf op Saailân

24 des 2013 - 14:11

De plysje warskôget minsken op it Saailân foar bûsehifkers, ferskate minsken binne al it slachtoffer wurden fan dieverij. Dat meldt de plysje op Twitter. Dêrby binne benammen mobile tillefoans stellen. Troch de grutte drokte by it Glêzen Hûs kinne dieven makliker harren gong gean. De plysje ropt minsken dêrom op om alert te wêzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)