Brêgen oer Polderhoofdkanaal

24 des 2013 - 13:39

Der meie twa brêgen oer it Polderhoofdkanaal by De Feanhoop boud wurde. De Ried fan Steat hat tiisdei de beswieren ôfwiisd. In wurdfierder fan de gemeente Opsterlân neamt it in wichtige oerwinning yn de striid foar de oanlis fan it Polderhoofdkanaal.

De gemeente wachtet no noch op ien útspraak fan de Ried fan Steat. It giet om in ûntheffing foar de floara- en faunawet. Dizze útspraak wurdt uterlik 22 jannewaris ferwachte. As dizze beswieren ek ôfwiisd wurde dan kin der nei jierren fan strideraasje einlik úteinsetten wurde mei de oanlis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)