Rekôr foar Aldehou en HCL

De Aldehou hat dit jier in rekôrtal besikers lutsen. Dat hat it Historisch Centrum Leeuwarden, it HCL, bekend makke. Der kamen dit jier goed 22.000 minsken nei de toer, dat binne sa'n 4.000 besikers mear as ferline jier.
It histoarysk sintrum sels krige ek mear minsken as ea oer de flier. Dat komt benammen troch de aktiviteiten dy't dit jier organisearre binne. Ek kamen in soad skoalbern oer de flier fan it HCL. It Pier Pander museum yn Ljouwert, dat ek ûnder it behear fan it HCL falt, luts sa'n 500 minsken mear as ferline jier.
De HCL hat de ôfrûne tiid wol besunigje moatten. It opheinen fan rûnlieden fan safolle besikers is allinnich mooglik troch de ynset fan tsientallen frijwilligers, seit Klaas Zandberg fan de HCL. Ek bart it neffens him gauris dat de meiwurkers fan it HCL mear oeren meitsje as dat se betelle wurde. Yn 2014 sil it HCL him ek rjochtsje op de doarpen fan Boarnsterhim dy't dan ûnderdiel fan de gemeente binne. Sa is it de bedoeling om de 'súdlike doarpen' fan de gemeente Ljouwert sintraal te stellen by de Iepen Monumintedei.