Kryst-topdrokte yn supermerken

24 des 2013 - 12:29
  • Drokte yn de supermerk

By de Fryske supermerken wie it tiisdei smoardrok. Benammen de lêste, farske produkten foar it krystmiel fleagen de winkel út. Belange-organisaasje Detailhandel Nederland ferwachtet dit jier in ekstra krystomset fan mear as 800 miljoen euro en dy is dêrmei ek in ekonomysk ljochtpunt foar de winkelier.

De hege omset hat ûnder mear te krijen mei it tal mominten dat der mei-inoar iten wurdt. Om't der in soad saneamde 'gearstalde húshâldings' binne, giet it faak dûbelop: mei beide skieden âlden en de famylje, en op mearder mominten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)