Earste fjoerwurkboefkes pakt

24 des 2013 - 12:17

Buro Halt hat oant no ta 30 Fryske jongeren in wurkstraf jûn foar it hawwen en ôfstekken fan fjoerwurk. Yn alle gefallen gie it om licht yllegaal fjoerwurk. It tal oanhâlden jongeren dat de plysje nei Halt stjoerd hat, is gelyk oan it tal dat foarich jier foar de krystdagen betrape waard mei fjoerwurk.

De wurkstraf dy't de jongeren krije wurdt faak yn de krystfakânsje útfierd. Sa helpe se op nijjiersdei gemeentewurkers by it oprêden fan fjoerwurkrommel yn doarpen en wenwiken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)