Fúzje: wethâlder moat ferhúzje

24 des 2013 - 10:53
  • Wethâlder Schouwerwou moat ferhúzje

Wethâlder Janny Schouwerwou fan Skarsterlân moat ferhúzje, omdat se aanst net yn de nije gemeente De Fryske Marren wennet. Se wennet yn Nijbrêge en dat heart aanst by de gemeente Hearrenfean. De nije gemeentegrins leit mar 300 meter fan it hûs fan Schouwerwou, mar dochs wol de gemeenteried dat de wethâlder ferhuzet, omdat se oars net yn de eigen gemeente wennet.

De wethâlder wol wol meiwurkje oan de ferhuzing, har hús stiet al te keap. Se hat sân jier yn Nijbrêge wenne, dêrfoar wenne se yn de Rânestêd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)