NK útsteld foar Thijsje

© Foto Martin de Jong
It Nederlânsk kampioenskip koartebaan foar froulju dat freed om fjouwer oere úteinsette soe yn Alteveer, is mei in oere útsteld. Reden hjirfoar is ûnder oaren dat de regearend Nederlânsk kampioene koarte baan, Thijsje Oenema, noch ûnderweis is rjochting Grinslân. Ek in soad oare rydsters sitte noch fêst yn it ferkear.
Oenema wie mei hat famylje op besite by har sus yn New York. Doe't de Jouster freedtemoarn oankaam op Schiphol is se gelyk yn 'e auto stapt, om har titel yn Alteveer te ferdedigjen.