Fytser oanriden De Westereen
In 17-jierrige fytser út Feanwâlden is moandeitemiddei ferwûne rekke by in oanriding yn De Westereen. De fytser stuts de dyk oer, mar waard dêrby oanriden troch in 19-jierrige automobilist út Twizelerheide. De fytser foel en rekke ferwûne, hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje ûndersiket it ûngelok.