Klierige Grinzer eilân ôfset

24 des 2013 - 10:32

De plysje hat op It Amelân in ferfelende ynwenner fan Grins oanhâlden. De man makke yn in sauna op it eilân rûzje mei besikers. Letter rekke er by Hollum mei de auto fan de dyk. Hy ferliet it plak fan it ûngelok, mar koe letter op syn fakânsje-adres troch de plysje oanhâlden wurde. Dêrby besocht de man fia it balkon út te naaien.

Ut it ûndersyk fan de plysje die bliken dat er tefolle dronken hie. Hy is mei de wettertaksy nei de fêste wâl brocht en dêr fêstset yn in plysjesel.

Trefwurden: 
Grins It Amelân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)