Slein en berôve yn Ljouwert

24 des 2013 - 10:30

In ynwenner fan Hasselt is fannacht ferwûne rekke by in strjitrôf yn Ljouwert. De 21-jierrige man waard yn de Alde Easterstrjitte oanfallen troch twa manlju en in frou. Hy waard meardere kearen slein en rûn dêrtroch ferwûnings op oan syn holle. De trije seagen kâns om jild fan de man ôf te pakken, dêrnei naaiden se út. De plysje siket de fertochten. It slachtoffer moast him behannelje litte yn it sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)