Undersyk nei brân Appelskea

24 des 2013 - 08:28

De plysje ûndersiket in brân yn in leechsteande wenbuorkerij yn Appelskea. By de brân gie it wenhûs folslein ferlern, de skuorre koe foar it grutste part behâlden wurde. De brân ûntstie moandeitenacht om in oere as ien, wêrtroch is noch net dúdlik. De plysje sil dêr yn de rin fan de dei ûndersyk nei dwaan. It terrein is oant dy tiid ôfsetten en wurdt ek bewaakt. Mooglik is der by de brân asbest frijkaam, dêr komt sa gau mooglik dúdlikens oer.

Fan 't simmer wie der ek al brân yn de wenbuorkerij oan de Wester Es.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)