Lêste dei Glêzen Hûs

Dj's Giel Beelen, Paul Rabbering en Coen Swijnenberg bringe tiisdei har lêste dei troch yn it Glêzen Hûs op it Wilhelminaplein yn Ljouwert. De trije meie jûns om njoggen oere it hûs wer út, se hawwe der dan seis dagen trochbrocht. Yn dy tiid hawwe se net iten.
Jûns wurdt ek bekend wat de opbringst fan de aksje is. Ferline jier yn Enschede wie dat 12 miljoen, de teller stie moandeitejûn yn Ljouwert op goed 6 miljoen. Dat jild giet nei de bestriding fan diarree. It is foar de tsiende kear dat der in Glêzen Hûs-aksje is.