Amper skea troch stoarm

De stoarm fan moandeitejûn en -nacht hat yn Fryslân net foar in soad skea soarge. De brânwacht moast twa kear yn aksje komme yn Ljouwert en ien kear yn De Pein.
It giet om de tredde stoarm fan dit jier. Stoarm is it as wynkrêft njoggen helle wurdt, dat wie moandeitejûn it gefal op Flylân. Op it eilân waard oant no ta ek de hurdste wynstjit mjitten, mei in krêft fan 115 kilometer yn 'e oere.
Fanwege de stoarm fearen moandei net alle boaten nei Flylân en Skylge. Foar tiisdei binne der gjin ôfsizzings.