BNN-presintator op de fûst

Dennis Storm © ANP
Tv-presintator Dennis Storm fan BNN is yn de nacht fan snein op moandei yn Ljouwert oanhâlden troch de plysje. Dat melde ferskate media. Yn in hoarekagelegenheid oan de Prins Hindrikstrjitte soe der ûnienicheid ûntstien wêze tusken Storm en in ynwenner fan Deinum. Dat rûn út de hân wêrby't de man út Deinum mishannele waard. Der is oanjefte dien by de plysje.
Dennis lit yn in reaksje op Twitter witte dat er stom west hat. 'In plaats van als een sukkel op de vuist gaan had ik simpelweg de andere kant op moeten lopen'.