Serious Record: 17 tûzen euro

De band Nothing spile tolve kear foar Serious Record
De aksje Serious Record hat yn totaal goed 17 tûzen ophelle foar it goede doel. By Serious Record giet it derom dat it rekôr fan it langste konsert ea ferbrutsen wurdt.
De aksje is op 6 desimber úteinset mei in optreden fan ûnder oare de Jeugd van Tegenwoordig. Sûnt dy datum oant en mei sneon 21 desimber hawwe non stop bands en artysten spile. It jild datdêrmei ophelle waard, giet allegearre nei Serious Request op it Saailân yn Ljouwert.