Mear as 6 miljoen foar SR13

23 des 2013 - 20:21

Op de ien nei lêste dei is ek wer in rekôr brutsen by Serious Request yn Ljouwert. De tuskenstân fan 6.232.307 euro dy't moandeitejûn bekend makke waard, is opnij heger as ferline jier. Doe waard yn Enschede op de sechde dei yn totaal 6.142.180 euro ophelle. It is in lyts ferskil fan sa'n 90.000 euro.

Mei it tal besikers oan de stêd giet it ek goed. Boargemaster Crone seit dat yn de ôfrûne dagen hast 400 tûzen minsken nei Ljouwert ta kaam binne. Benammen de hoareka kin dêr goed fan profitearje.

De gemeente is allinnich noch net klear. Tiisdeitejûn stiet de grutste útdaging te wachtsjen. Dan wurdt mei in grut feest op it Aldehoustertsjerkhôf de einstân fan Serious Request 2013 bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)