Ferkear nei Ljouwert fêstrûn

Alle tagongsdiken nei it sintrum fan Ljouwert steane fol auto's fol besikers dy't op de ien-nei-lêste dei noch nei it Glêzen Hûs wolle. Al sûnt freed wurdt Ljouwert massaal besocht. Dat soarget foar de noadige problemen op 'e dyk.
Minsken wurde dêrom oproppen om safolle mooglik mei it iepenbier ferfier te reizgjen. Ek yn it wykein stiene alle pearkeargaraazjes fan Ljouwert fol. Besikers moasten foar it parkearen útwike nei it Fonteinlân of it WTC. Op ferskate plakken rint it ferkear yn de stêd fêst of moatte minsken stadich ride.
It plein foar it Glêzen Hûs stiet neffens waarnimmers wer hielendal fol. De gemeente Ljouwert ferwachtet oant en mei tiisdei sa'n 400.000 besikers. Oant en mei snein hie Serious Request al 271.000 besikers lutsen.