Fytsalvestêdetocht útferkocht

23 des 2013 - 13:56

Alle 15.000 kaarten foar de Fytsalvestêdetocht fan 2014 binne al wer útferkocht. Snein giene de lêste 4.000 kaarten fuort. Op snein 15 desimber wie de frije ferkeap úteinset, mar troch in steuring yn it automatisearingssysteem moast de ferkeap al nei in pear oeren stillein wurde.

De Fytsalvestêdetocht mei start en finish yn Boalsert is takom jier op pinkstermoandei 9 juny.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)