Offal dumpt yn Rottige Meente

In stripe yn natuergebiet Rottige Meenthe © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Himpkwekers hawwe de ôfrûne dagen in grut tal jiskepûden mei ôffal fan himpplanten dumpt op in parkearplak by natuergebiet De Rottige Meente. Op dit parkearplak wurdt wol faker yllegaal ôffal stoart. It ôfsluten fan it parkearplak is lykwols gjin opsje, omdat it plak in soad brûkt wurdt as fiskerslokaasje.
Steatsboskbehear hat de saak oerdroegen oan it tafersjoch miljeuwetjouwing fan de plysje.