Drachtster oppakt yn wenplak

23 des 2013 - 11:33

De plysje hat sneintenacht in Drachtster (43) oanhâlden om't er midden op 'e dyk stie en foar in ûnfeilige ferkearssituaasje soarge. Doe't de plysje de fertochte oanhâlde woe op de Ringwei yn syn wenplak gong er troch it lint. De man fersette him út alle macht. Der kamen ferskate plysjes oan te pas om de Drachtster yn betwang te hâlden.

De fertochte sit noch fêst op it buro foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Drachten oantaasting
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)