Man oppakt foar mishanneling

23 des 2013 - 10:30
  • Plysje arrestaasje/oanhâlding

Yn it sintrum fan Ljouwert is sneintenacht in man út Den Haach oanhâlden op fertinking fan mishanneling. Yn in kafee oan de Prins Hendrikstrjitte ûntstie spul tusken de man út Den Haach en in Deinumer (20). Dit rûn út de hân en de man fan Den Haach soe oanslutend de Deinumer mishannele hawwe. De Deinumer hat dêr ek oanjefte fan dien.

Op oanwizings fan tsjûgen koe de fertochte justjes letter oppakt wurde yn in oar kafee yn it sintrum. De man is ynsletten. De plysje ûndersiket de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)